Winterwille in wike letter; in werom blik

Winterwille 2011,

It is tiisdei 6 desimber, Piet’s waarberjocht ; tongersdei en freed rein,stoarm en ûnwaar……

En wy organisearje freed 9 desimber ‘ dé krystmerk fan Easterein , WINTERWILLE’ …. En sok waar kinne we net brûke!! Earst mar ris maile mei elkoar, der binne in pear ûnder ús hiel positief en it sil allegear wol wat mei falle, dus we litte it der earst mar by. Mar woansdei binne de berjochten net betterder wurden, dus dochs mar alfêst opsyk nei in ûnderkommen foar de wissichheid. De earste de bêste wer wy komme, binne de Vellinga’s, ‘ wy doche graag wat foar in oar ‘ seit Jan…, dus wy ha plak!! Jûns mar mei syn allen yn berie oer wat we no echt moatte, fansels is it sonde dat it net op de Foarbuorren hâlden wurdt, it is ek sa’n moai plaatsje mei de Tsjerke, Menno syn tún, Bauke en Willeke fan it ‘weefatelier’, Ap syn plakje by it kafé, live musyk  en 27 kreamhalders,…..mar net mei hurde wyn en rein!!

Dus we gean fuort en daliks los om WINTERWILLE yn de loads by de GERB.VELLINGA te hâlden. We hoopje op in soad mondelinge reklame,want folle oankundigingen kinne we net mear meitsje, tongersdeitejûn opbouwe, wat in minsken, gewéldich!! Samar hinget der ferljochting en stiet de loads fol mei kreamkes, spitich genôch net alle 27…..hoe moatte wy dit no wer hawwe?? Moarn mar sjen, nije tomstok derby en mar mjitte, de measten moatte in meter ynleverje, it is net oars, mar se steane wol droech!  Gelokkich hawwe de kreamhâlders hjir begrip foar, super! Om 15.00 is de loads hielendal omtovere yn it gesellich krystbarren, en wat ús betreft? Lit it minne waar mar komme!! En wat is it ek moai dat der safolle ferienings en minsken út Easterein mei dogge en harren der foar ynsette.

Wy ha WINTERWILLE geweldich belibbe troch alle minsken die der wiene en west binne, fantastich!! De koarkes en it korps ha ek sa harren bêst dien, wat ha se moaie musyk makke!! En ús krystman dy dêr de hiele middei en jûn om toffele hat, soe it de echte west ha……??

Jûns wie alles wer samar oan de kant troch al die minsken dy’t der wer wiene te helpen!!

Wy hoopje dat elts dy’t by WINTERWILLE west is, it ek sa belibbe hat. Fansels wolle wy al dizze minsken tankje tegearre mei alle frijwilligers die ús holpen ha om WINTERWILLE mooglik te meitsje. De bedriuwen op de Sibadawei en Fabrykswei wer alle auto’s stean mochten, en alle minsken dy ús, op wat fan wiize dan ek, stipe ha.

Mar….seker net te ferjitten ; De Vellinga’s !!

Yn harren loads wie it droech, smuk en allgegear geselliche minsken,wat wol je (mei sok waar) noch mear??!!

Dochs hoopje wy takom jier dit hiele barren wer op de Foarbuorren te belibjen at alles mei sit.

EASTEREIN EN OMKRITEN…..TIGE BY TIGE!!

Groetnis,  Elisabeth, Tettje, Amarins, Mattie, Anna Joke en fanôf Curacao; Jan Rinse !

 


Giet it oan? Ja, mar wol in oar plak!

De organisaazje fan Winterwille krijt op dit stuit in protte fragen of Winterwille wol troch giet. De waarfoarspellings foar freed binne ommers net bêst. Ja! It giet oan, mar we hawwe wol in oar plak.

We meie brûk meitsje fan de loads fan de gebroeders Vellinga. En dit wurdearret de organisaazje fansels mear as.

It is der droech en hooplik ek net sa kâld as bûten. En fansels dogge wy ús bêst om der hjir ek wat moais en in prachtige krystmerk fan te meitsjen! Jimme komme dochs wol?

Plak: gebroeders Vellinga, Sibadawei 26, Easterein
Tiid: fan 15.00 – 21.00 oere

Oan’t freed!


It is hast safier

Noch mar hast twa wike en dan is it al safier. De tredde edysje fan Winterwille. Alle dielnimmers hawwe ûndertusken berjocht fan ús hawn. Mocht dit net sa wêze, nim dan efkes kontakt mei ús op.

Wolle jo witte wa de dielnimmers binne? Jo fine se fanôf hjoed op dizze webside.


Wolkom!

Wolkom op de website fan Winterwille, de gesellichste krystmerk fan Easterein en fiere omkriten. De earste fergadering hat west en we sille wer los! Dit kear binne Elisabeth Breeuwsma, Tettje de Boer, Mattie Dijkstra, Anna Joke Bakker, Jan-Rinse Blanksma en Amarins de Haan de persoanen dy’t hjir hurd foar oan it wurk binne. Dat sille wy dan fansels sa gau as mooglik hjir ek melde.

Witst immen dy’t mei in kream stean wol? Hast goede ideeën? Lit it ús witte fia de mail. Wy sille besykje der wer in moai feestje fan te meitsjen!

Nij dit jier binne de social media. Sykje ús op Twitter, Facebook of Hyves en lit al dyn freonen witte dat der wer wat moais te belibjen is yn Easterein op 9 desimber.